Harkemase Boys klear foar bekerduel tsjin FC Groningen

30 okt 2019 - 15:53

It kín en se bestean: bekermearkes. Op foarhân is it bekerduel fan Harkemase Boys woansdeitejûn tsjin FC Groningen in útmakke saak: de Grinzers binne swier favoryt. De Harkiten spylje tredde difyzje, de Grinzers spylje earedifyzje. Mar de Harkemase Boys hat alris earder yn de beker sjen litten dat se ferrasse kinne.

Bekerstunt

Yn 2011 waard Willem II ferslein nei't Harkemase Boys weromkaam fan in 0-2 efterstân. Yn de blessueretiid waard it 2-2, de wedstryd einige nei ferlinging yn 4-2 foar Harkemase Boys.

Oare yn it each springende bekerduels binne dy fan 2009 tsjin Feyenoord (0-5 ferlies) en de wedstryd yn de tredde ronde fan de KNVB Beker yn 2011 tsjin SC Hearrenfean.

Doe ferlearen de Harkiten mei 6-1. De lêste kear dat Harkemase Boys yn aksje kaam tsjin in profklup yn de KNVB Beker wie yn 2013. Doe wie NEC mei 0-8 dúdlik te sterk.

Spesjaal útfak

Der moat in soad gebeure foar it duel tusken de beide ploegen op Sportpark De Bosk. Sa is der in ekstra tribune boud en is der in spesjaal útfak makke. Der binne in soad regels dêr't de klup mei rekken hâlde moat. "Wy ha in spesjale rûte foar de gasten út Grins dy't nei it útfak tagiet. Dat moatte wy foar de feilichheid goed begeliede," fertelt frijwilliger Jan Oosterhof.

Moarns betiid binne op de dei fan de wedstryd al tsientallen frijwilligers dwaande mei de wedstryd, ûnder oare mei it klearmeitsjen fan in grutte sponsortinte. Dy is 20 by 25 meter grut. It bestjoer fan de Harkiten wol de sponsoaren goed fersoargje by spesjale wedstriden as dy tsjin Grins.

Oosterhof tinkt dat de Harkemase Boys ferrasse kin. "It bliuwt de beker. Al binne wy mei 3-0 ferlies of 3-1 ek wol tefreden," sa seit er.

Omrop Fryslân docht streekrjocht ferslach op de radio. Yn in ekstra sportprogramma fan 20.00 oere oant 21.45 oere. Ek SC Hearrenfean spilet yn de beker tsjin Excelsior Maassluis. Dêr docht Arjen de Boer ferslach fan.

As der ferlinging komt by ien fan de wedstriden, duorret it sportprogramma langer. En omdat de wedstriden al om 19.45 oere begjinne, is der ek yn Casa Ennema al omtinken foar de wedstriden.

Roelof de Vries docht op sportpark De Bosk ferslach fan Harkemase Boys - FC Groningen. Nei ôfrin fan de wedstriden komme de reaksjes fan trainers of spilers op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)