Provinsjale stipe foar Planetarium yn oanrin nei UNESCO Werelderfgoedstatus

30 okt 2019 - 15:53

Gemeente Waadhoeke krijt foar ien kear in subsydzje fan 50.000 euro fan de provinsje. It Keninklike Eise Eisenga Planetarium yn Frjentsjer die in subsydzje-oanfraach om yn oanmerking te kommen foar de status fan UNESCO Werelderfgoed.

Foto: Omrop Fryslân, Oetze Deelstra

Neffens de provinsje past it doel fan it Planetarium binnen it provinsjale erfgoedbelied. Dêryn stiet dat it Ferhaal fan Fryslân mei ynwenners, toeristen en bern dield wurdt.

Dêrneist hat de gastfrijheidsekonomy in plakje krigen yn it bestjoersakkoart 2019-2023. De subsydzje is allinnich bedoeld foar de proseduere om op de UNESCO Wrâlderfgoedlist te kommen.

Ein ferline jier hat minister Ingrid van Engelshoven besletten om it Planetarium by de UNESCO foar te dragen as wrâlderfgoed. It Planetarium krijt trije jier de tiid om in folslein eindossier by UNESCO yn te leverjen.

(advertinsje)
(advertinsje)