FIDEO: fleaners oer komst F-35 nei Ljouwert

30 okt 2019 - 15:40

It is ôftellen foar de fleaners en techneuten op de fleanbasis Ljouwert: de earste F-35 dy't yn Ljouwert stasjonearre wurdt, komt tongersdei. Op it stuit wurde hieltyd mear fleaners oplaat om it tastel fleane te kinnen.

It fleanen mei de F-35 is maklik. Knopkes sitte op itselde plak as yn de F-16 en de menu's yn de systemen binne sa'n bytsje gelyk.

Beide tastellen binne makke troch produsint Lockheed Martin. Dochs is der in grut ferskil. Troch alle sensoaren hellet it tastel in soad ynformaasje op. Fleaners moatte benammen leare om dêrmei om te gean.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-16 F-35
(advertinsje)
(advertinsje)