Hokker minsken moatte by gemeente De Fryske Marren wurkje?

De Fryske Marren begjint as earste gemeente fan Nederlân mei in sollisitaasjeried. Dat is in groep ynwenners fan de gemeente, dy't neitinkt oer hokker soart minsken by de gemeente wurkje moatte.
Gemeentehûs De Fryske Marren op De Jouwer © De Fryske Marren
De sollisitaasjeried sit net by sollisitaasjepetearen, mar de leden tinke wol nei oer de fragen dy't steld wurde moatte oan kandidaten. Der is in soad animo foar de ried. Der binne sawat santich minsken dy't wol meitinke wolle. Dêr is in seleksje út makke fan acht, mei safolle mooglik ferskaat.