Hartstichting ropt Friezen boppe de 40 op om bloeddruk te mjitten

30 okt 2019 - 14:59

De Hartstichting ropt alle Friezen op om harren bloeddruk te mjitten. Goed 1700 Friezen ha dit dien by in regionaal bloeddrukmjitpunt fan de Hartstichting. Dêrút docht bliken dat in tredde fan de minsken in ferhege bloeddruk hat. En trije prosint fan de minsken hie sels in slim ferhege bloeddruk.

Foto: ANP

Dizze minsken rinne in grut risiko om hert- of iersykten te ûntwikkeljen. De Hartstichting ferwachtet dat der mear ynwenners fan Fryslân net witte dat se mei in te hege bloeddruk omrinne. Alle ynwenners fan 40 jier en âlder wurde dêrom oproppen om geregeld te mjitten, ek al fiele sy harren sûn.

"Mensen gaan vaak pas naar de dokter als ze klachten hebben", seit hûsdokter David Smeekes fan de Hartstichting. "Maar bij een hoge bloeddruk heb je die vaak niet. Terwijl er ongemerkt wel schade kan ontstaan, bijvoorbeeld aan je bloedvaten, hart en hersenen. Dit kan leiden tot bijvoorbeeld een hartinfarct, beroerte of hartfalen."

Bloeddrukmjitter

Minsken mei in bloeddrukmjitter kinne maklik thús harren bloeddruk mjitte. Dat hat sa syn foardielen, om't der genôch rêst nommen wurde kin foar de mjitting en it werhelle wurde kin as it nedich is.

Hieltyd mear wurkjouwers biede bloeddrukmjitters oan en ek by in soad thússoarchwinkels binne de mjitters te keap. As de bloeddruk slim ferhege is of nei in tal mjittingen op ferskate mominten de bloeddruk boppe de 140/90 is, dan is in besite oan de hûsdokter nedich. De bloeddruk kin ferlege wurde troch sûn te iten, net te smoken en genôch te bewegen.

(advertinsje)
(advertinsje)