Slachterij Ljouwert sil folslein oer op fegaprodukten

30 okt 2019 - 14:00

Yn it slachthûs yn Ljouwert fan fleisferwurker Vion sille tenei gjin kij mear slachte wurde. De slachterij wurdt omboud ta fabryk foar fleisferfangers. Mei in pear oanpassingen is it geskikt foar de produksje fan plantaardige woarsten en schnitzels.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Vion is ien fan de grutste fleisferwurkingsbedriuwen yn Nederlân. Earder dit jier waard bekend dat it bedriuw yn 2018 bot minder winst makke hat as it jier dêrfoar. Dit komt ûnder oare troch de ynkrimping fan de Nederlânske feesteapel.

Vion sei earder al har mear rjochtsje te wollen op de produksje fan fleisferfangers. De fraach nei dizze produkten is de ôfrûne jierrren grutter wurden en sil neffens Vion tanimme. Dit komt benammen troch de ytgewoanten fan de saneamde fleksytariërs, dy't noch wol fleis ite mar net mear elke dei. Vion hopet hjirfan profitearje te kinnen.

De produksjelokaasje fan Vion yn Ljouwert is yn 2017 boud foar de ferwurking fan kofleis. Yn 2018 moast de slachterij de doarren slute om't in tal slachte bisten dat ôfkard waard. Neffens Vion gie it om 'bernesykten' yn de nije technyske ynstallaasjes wêrnei't se oanpassingen oan de slachterij dien hawwe. Vion sil alderearst plantaardige produkten produsearje foar de hûsmerken fan bygelyks supermerken.

Trefwurden: 
Ljouwert Vion slachterij
(advertinsje)
(advertinsje)