Lytse aksje yn Ljouwert foar Katalaanske politike finzenen

30 okt 2019 - 13:25

Op de stoepe foar it Provinsjehûs wie woansdeitemoarn in lytse demonstraasje tsjin de lange finzenisstraffen dy't njoggen Katalaanske politisy in pear wike lyn krigen. Sy krigen tusken de 9 oant 13 jier sel oplein fanwege it organisearjen fan it yllegaal ferklearre referindum oer de ûnôfhinklikheid fan Kataloanië twa jier lyn.

Op inisjatyf fan FNP'er Sybren Posthumus giene sân Steateleden fan FNP, PVV, 50+ en de Partij voor de Dieren demonstratyf op de foto mei de tekst 'Free them all' en 'Selsbeskikking is demokrasy'. De Steateleden krigen selskip fan in groepke Katalaanske froulju út de provinsjes Fryslân en Grinslân.

"Ik vind het echt heel mooi dat er nu in Leeuwarden een actie voor onze politieke gevangenen is", fertelt Montserrat Morales Montes út Ljouwert "Die gevangenisstraffen zijn belachelijk hoog en lossen niks op. Je krijgt zo alleen maar meer spanning tussen Spanje en Catalonië."

De demonstraasje op de stoepe fan it Provinsjehûs - Foto: Piet Douma

Steatelid Rinie van der Zanden fan de PvdD oer de demonstraasje

Rinie van der Zanden fan de PvdD ferklearre har 'út prinsipe' solidêr mei de troch de FNP organisearre aksje. "Ik ben al jarenlang actief voor Amnesty, die nu ook opkomst voor de Catalaanse politieke gevangenen", seit it Steatelid. "Politici moeten zich vrij kunnen uitspreken, en mogen nooit opgesloten worden voor wat ze zeggen of vinden."

Steateleden en fraksjemeiwurkers mei de aksjetekst 'Free them all' - Foto: Omrop Fryslân

Omdat de Steateleden nei harren gearkomste moasten, wie de byienkomst binnen in heal oere foarby. Posthumus organisearre de aksje omdat rûnom yn Europa politisy yn regionale parleminten omtinken freegje foar de Katalaanske kwestje. De aksje op de stoepe soe earst al earder dizze moanne plakfine, mar koe doe net trochgean fanwege de oanwêzichheid fan aksjefierende boeren mei trekkers.

Oft de aksje ek in ferfolch krijt yn de foarm fan in moasje yn Provinsjale Steaten, wyt Posthumus noch net. "We moatte dit earst mar ris evaluearje, mar de saak fan de Katalaanske politike finzenen hâldt ús omtinken. It is foar ús ûnakseptabel dat der yn Europa politike finzenen binne."

(advertinsje)
(advertinsje)