FIDEO: Janine Smit en Letitia de Jong, freondinnen én konkurrinten

Fryske reedriders binne faak goed yn allrounden, mar sprinte kinne Friezen ek hieltyd better. Sterker noch: de twa rapste sprintfroulju fan Nederlân binne twa Friezinnnen: Janine Smit en Letitia de Jong einigen ferline jier op it Nederlânsk kampioenskip as nûmers ien en twa op de 500 meter. Konkurrinten op it iis, mar dêrnjonken goede freondinnen.
Sjoch yn ús rige oer de Fryske reedriders hjirûnder nei in reportaazje oer sprintkanonnen Janine Smit en Letitia de Jong.
Letitia de Jong en Janine Smit
Omrop Fryslân makket de hiele wike reportaazjes oer Fryske reedriders, yn de oanrin nei de start fan it seizoen oankommende freed. Hjirûnder de eardere reportaazjes:
Diel 1: Reina Anema
Diel 2: Femke Kok
Tongersdei yn diel 4 de maten Sven Kramer en Douwe de Vries en freed yn diel 5 de suskes Antoinette en Michelle de Jong.