Bouwrâld yn aksje: krije sy tasizzingen foarinoar?

30 okt 2019 - 12:43

Minister Carola Schouten hat woansdei besocht de demonstranten yn Den Haag oan te bieden dat it lân net op slot komt, sa sei sy it sels. "Ik heb aangegeven dat de vergunningverlening weer op gang komt, voor kleine en middelgrote bouwprojecten worden die nu weer makkelijker verleend. Daar zitten nu zwaardere eisen aan. We zorgen dat er een drempelwaarde komt. Als ze er niet boven komen, kunnen ze door," ferklearre Schouten.

Kabinetsleden krije in manifest - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

It is in dreech dilemma foar minister Schouten. "We moeten ervoor zorgen dat, als iets meer stikstof doet neerslaan in een gebied, dat dit weer gecompenseerd wordt. Aan de ene kant moeten activiteiten kunnen plaatsvinden aan de andere kant moet de natuur er niet mee geschaad worden." Foar de minsken fan de bousektor dy't woansdei op it Malieveld stean, is it wol dúdlik. It kin sa net langer mei de PFAS- en stikstof-ympasse.

Wurkjouwersfoarsitter ûntefreden

In soad minsken út de bousektor hawwe op de demonstraasje oan it wurd west, lykas Maxim Verhagen fan Bouwend Nederland, mar ek Hans de Boer as foarsitter fan de wurkjouwers. "Ik bin de earste wurkjouwersfoarsitter dy't hjir demonstrearret yn de skiednis. Is it net moai?", seit De Boer.

Hans de Boer is net tefreden oer de PFAS-problematyk en de polityk: "Sy binne no wol yn beweging, mar sy tinke dat sy noch in moanne hawwe. Mar de problemen binne der no: huzen wurden net boud en minsken reitsje harren banen kwyt. Der is hjoed in praktyske oplossing nedich."

Steatssekretaris Stientje van Veldhoven jout oan dat sy har bêst docht foar de PFAS-problematyk, mar dat it wol 1 desimber wurdt. "Wy hawwe juster mei hat sprutsen, mar sy wit no al wat de PFAS-grins wurdt: ien mikrogram. Ik haw tsjin har sein mar alfêst in needmaatregel troch te setten, mar sy wol it ôfwachtsje. De polityk moat no út de hoeke weikomme," seit De Boer.

Jelle Coen Bijlsma fan Jelle Bijlsma BV yn Gytsjerk fynt net dat de polityk genôch dien hat. "Sy hawwe antwurden jûn yn de trant fan 'zo snel mogelijk' en 'we gaan het bekijken', mar neat konkreets. De polityk moat de lieding nimme, mar eltsenien giet op de hannen sitten." Foar him hat it grutte gefolgen: "Wy hawwe no gjin baggerwurk en grûnferset yn útfiering, it wurk rint hurd efterút."

'Net alles kin'

Bijlsma oer syn protest: "As jo net oan it wurk kinne, moatte jo dochs wat. Ek wurkjouwers binne hjir. Sy binne yn panyk om't der in needmaatregel nedich is. De natuer moatte jo koesterje, ek yn Fryslân is fantastyske natuer. Mar wy moatte ek earlik wêze: as hast 18 miljoen minsken ite, wenje en autoride wolle, dat kin net allegearre. Jo kinne net én in goede yndustry hawwe, én moaie natuer hawwe én der goed by buorkje kinne. Der moatte karren makke wurde."

Ferslachjouwer Gerrit de Boer by it protest yn Den Haag

(advertinsje)
(advertinsje)