"Provinsje moat goede tolken Frysk by rjochtsaken ôftwinge"

De provinsje moat mear dwaan om it brûken fan de Fryske taal yn de rjochtseal mooglik te meitsjen. Dat sei steatelid Albert van Dijk fan Forum voor Democratie woansdeitemoarn op de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Forum voor Democratie stelde mûnlinge fragen oer it ûnderwerp. De oanlieding wie it heger berop fan de A7-blokkearders fan okkerdeis. Ien fan de fertochten, Jenny Douwes, woe har ferhaal yn it Frysk dwaan, mar de tolk koe dêr net goed mei omgean. "Dat is der fier by troch", seit Van Dijk. "Frysk is de twadde rykstaal en it brûken fan de Fryske taal troch fertochten is in rjocht. "

"Provinsje kin neat oplizze"

Ferantwurdlik deputearre Sietske Poepjes hat tasein mei de rjochterlike macht te praten, mar de provinsje kin neat oplizze, sei Poepjes. De rjochtbank en it gerjochtshôf gean sels oer de ynset fan tolken by Frysktalige fertochten. Sa is dat yn de Nederlânske steat regele.

"Stypje en stjoere"

Wol seit Poepjes ta yn petear mei de rjochtspraak te gean, mar dan yn 'stypjende' en 'stjoerende' sin. Se komt foar de krystdagen by de steaten werom op wat dat petear opsmiten hat.