100 jier radio: Radio's wurde hieltyd lytser

Nei de Twadde Wrâldoarloch moat de radio-yndustry wer op gong komme. "Ik kin yn de boeken wol sjen dat wy yn 1945 ien of twa radio's ferkocht hawwe en dat it pas yn 1946 wer echt begjint te rinnen." Johan Beenen nimt Omrop Fryslân dizze wike mei troch 100 jier radioskiednis.
Advertinsje fan Beenen yn 'De Woudklank' fan 9 july 1953 © Omrop Fryslân
Oan it begjin fan de jierren '50 ûntwikkelet de technyk him fierder. Sa wurde bygelyks de lampen yn de radio lytser, der komme lûdsprekkers, der wurdt eksperimintearre mei basspeakers en de transistor docht syn yntree.
It oanbod fan radio's wurdt grutter, mei om't stadichoan de Dútske merken ek wer kinne. FM-radio begjint ein jierren '50. FM stiet foar 'Frequentie Modulatie' en jout in folle better en echter lûd as koarte, midden of lange golf.
Elektrisiteit wie yn dy jierren noch lang net oeral oanlein. Benammen op it plattelân hat it wol oant ein jierren '50 duorre foar't ek dêr stroom wie. "Wat wy dan wol ferkochten oan skippers en merkeminsken wiene radio's op batterijen of op akku's," fertelt Johan Beenen, "En dan hienen wy in laadynrjochting dêr't se dy akku's oplade koene."
100 jier radio - Diel 3
Op woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it alderearste radioprogram foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haag, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haag. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.