Boudewijn de Groot: "Een ode aan de zingbaarheid van de Friese taal"

Nei de Fryske earbetoanen oan Leonard Cohen en Bob Dylan, is it tiid foar in Fryske hommaazje oan in ikoan út eigen lân: Boudewijn de Groot. Dat tocht sakeman Cees de Wolff fan Aldskoat. Hy hat tsien nûmers nei it Frysk oerset en in cd makke. Dy wurdt freed presintearre yn Noardewyn Live.
Boudewijn de Groot yn it Frysk
Op de cd stiet Hendrik Waringa dy't 'De fûnling fan It Amelân' sjongt. Sipke de Boer sjongt it nûmer 'Njonken dy' en Grytsje Melchers fan Grytz en Grize it ferneamde 'Avond' dat yn it Frysk de titel 'Moarntiid' krigen hat.
Boudewijn de Groot wie bliid ferrast troch wat Cees fan 'Avond' makke hie. "Hij heeft 'Ik geloof' veranderd in 'Ik beloof' en hiermee de invalshoek anders gemaakt. Op deze manier ga je een relatie in. Niet van we zien wel, nee ik beloof je trouw, klaar."
Boudewijn de Groot
Cees de Wolff is al sûnt syn pubertiid wei fan de ferskes fan Boudewijn de Groot. "Hy hat safolle moais makke." De sakeman hat dêrnjonken in passy foar taal en is oan de slach gien mei it oersetten fan de ferskes. "Ik haw de ferskes net letterlik oerset, want dat past net altyd. Ik haw mear de romte nommen om safolle as mooglik by it gefoel fan it orizjineel te bliuwen."

Earst wat ôfhâldend

Neffens Cees wie Boudewijn de Groot earst wol wat ôfhâldend. "Hy tocht fêst: der hawwe je wer ien dy't wat wol. Mar wat langer oft it kontakt duorre, wat waarmer en entûsjaster er waard."
De Groot is wiis hoe't de cd wurden is. Hy wie der net wis fan oft it Frysk wol sa geskikt wie om op muzyk te setten. "De taal heeft heel harde klanken, maar toen ik de liedjes hoorde blijkt dat de taal heel goed zingbaar is."
Ferslachjouwer Wendy Kennedy praat mei Grytsje Melchers en Cees de Wolff