Frysk yn it ûnderwiis leit stil: deputearre Poepjes hopet op ynhelslach

30 okt 2019 - 11:30

Deputearre Sietske Poepjes hopet dat de fernijing fan it fak Frysk yn it basis en fuortset ûnderwiis sa gau as mooglik de efterstân ynrinne kin. Dat sei sy woansdei yn de steategearkomste nei fragen fan fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP. De Jong fynt dat it fak Frysk oanslute moat by de fernijing fan oare skoalfakken, dy't al klear binne.

Foto: Max Aardema (PVV)

De Provinsje hat it nije kurrikulum foar it Frysk op 1 april stilset. De wurkgroep dy't betelle mei de fernijing fan it Frysk oan de slach gien wie, hie mooglik Europeesk oanbestege wurde moatten. Dat wurdt no útsocht.

De fernijing fan de lesprogramma's yn de oare fakken binne al op 10 oktober oanbean oan minister Slob. Deputearre Poepjes wol net allinne de efterstân by it ûntwikkeljen fan nije lesprogramma's Frysk ynrinne, mar ek soargje foar yntegrale oanpak mei bygelyks it Ingelsk en Nederlânsk.

Spandoek: in bernerjocht

Doe't fraksjefoarsitter Corlienke de Jong fan de FNP de fragen stelde oan deputearre Sietske Poepjes, ûntbleate de aksjegroep Sis Tsiis in spandoek op de besikerstribune Dat moast fan kommissaris fan de Kening Arno Brok fuorthelle wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)