Nieuw Noord hâldt op mei 'Fancoachen': feriening lilk op gemeente en plysje

30 okt 2019 - 10:52

Nieuw Noord hâldt op mei it 'Fancoachproject,' skriuwt de supportersferiening yn in ferklearring. Dat projekt is opset troch Nieuw Noord yn gearwurking mei SC Hearrenfean, gemeente Hearrenfean en de plysje mei as doel om supporters dy't troch harren hâlden en dragen negatyf yn byld kamen, te coachen om harren oan te passen. Nieuw Noord is poerlilk op de gemeente en plysje, om't sy harren net oan de ôfspraken hâlde soene.

Supporters protestearje tsjin stadionferbodden - Foto: ANP

Yn it projekt koe in supporter mei in yndividueel trajekt in kâns krije om it gedrach oan te passen. Sa woene de partijen 'verharding van de achterban' tsjingean en foarkomme dat der stadion- en omjouwingsferbodden nedich binne.

Neffens Nieuw Noord hat der sûnt de start fan it projekt in tal ynsidinten west en dêrom twivelet de feriening deroan oft alle partijen wol deselde útkomsten neistribje. Foar Nieuw Noard lei de klam op it warskôgjen yn in betiid stadium, mar neffens de feriening fûnen de plysje en gemeente it benammen wichtich om sa gau as mooglik flinke straffen út te dielen.

Frustraasje

Nieuw Noord seit dat harren fancoaches 'niet gekend' wurden by de ôfhanneling fan ynsidinten, nettsjinsteande de ôfspraken. Ek stiene sy faak al foar in útmakke saak. It soarge foar frustraasje by de supporters, wylst it proses krekt bedoeld wie om frustraasje fuort te heljen. Nieuw Noord skriuwt: "De gemeente en politie handelden dus regelmatig op eigen houtje en tegen gemaakte afspraken in."

Gjin betrouwen yn gemeente en plysje

Troch al te straffen foar der in rjochterlike útspraak is, is de plysje neffens de feriening net goed dwaande. Dat is no al meardere kearen bard en der binne gjin sinjalen dat it feroarje sil yn de takomst. De feriening soe 'uit betrouwbare bron' heard hawwe dat de plysje allinne mar swierder straffe wol. Dat is neffens Nieuw Noord net de wize om as plysje mei de saak om te gean.

Fierder soe it tsjin de ôfspraken wêze. "De politie en gemeente zouden de veiligheid en openbare orde moeten waarborgen, maar zorgen er op deze manier alleen maar voor dat de zaken escaleren en uit de hand lopen," skriuwt Nieuw Noord yn in ferklearring.

De feriening hat gjin betrouwen mear yn de yntinsjes fan plysje en gemeente Hearrenfean, dêrom hâldt Nieuw Noord mei it Fancoachprojekt op. By in wedstriid fan ôfrûne snein wie der ek protest fan supporters tsjin de plysje mei in spandoek.

Boargemaster Van der Zwan wol earst oerlis

Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan Hearrenfean jout oan foarearst noch gjin reaksje te jaan op de opskuor. Hy wol earst oerlis mei de fuotbalklup, de plysje en it Iepenbier Ministearje.

Cees Roozemond: "Ik kijk er niet van op"

Foarsitter fan SC Hearrenfean Cees Roozemond seit der net fan op te sjen. "Ik vind het jammer, want ondanks de problemen had ik wel het idee dat we op de goede weg waren in het overleg. Toch wil ik wel om tafel blijven, want meer verwijdering tussen de partijen levert niets op."

Roozemond seit wol mei klam dat de klup der in bytsje bûten stiet. "De onvrede richt zich vooral op de gemeente en de politie. SC Heerenveen wil overigens zeker een rol spelen in de bemiddelen, want het gaat wel om onze wedstrijden."

Bart Jan Kuiper

Nieuw Noord jout in tal foarbylden fan ynsidinten dy't foar frustraasje soarge hawwe. Ien dêrfan spile in pear wiken werom yn Venlo. Der wiene 31 supporters dy't troch in flater in ferkearde ôfslach nommen hawwe en dêrtroch net de ferplichte oanrydrûte hiene. Sy binne troch de plysje oanholden, weromstjoerd en as fertochten binne sy fjouwer wiken net wolkom by wedstriden. Dy maatregel is nommen sûnder oerlis mei de fancoaches.

(advertinsje)
(advertinsje)