Jansen wiziget middenfjild op twa plakken foar bekerwedstriid tsjin Excelsior

30 okt 2019 - 10:15

Op Sportpark Dijkpolder is Excelsior Maassluis de earste tsjinstanner fan SC Hearrenfean yn it TOTO KNVB-bekertoernoai. De wedstriid is woansdeitejûn. Excelsior Maassluis spilet yn de twadde difyzje en stiet nei njoggen wedstriden op it 10e plak.

Johnny Jansen, trainer SC Hearrenfean - Foto: Orange Pictures

Johnny Jansen sil syn alvetal op it middenfjild op twa plakken wizigje. Alen Halilovic en Jordy Bruijn spylje, en Joey Veerman en Rodney Kongolo net. "We willen deze twee jongens rust geven. Het is niet verstandig dat ze drie wedstrijden in één week spelen. Joey heeft na zijn overstap van Volendam alles nog gespeeld. Het is goed dat hij nu even gespaard wordt."

Kompetysje

Yn 'e kompetysje hat Excelsior Maassluis ôfrûne wike foar it earst in thúswedstriid wûn. Fan promovendus ASWK waard mei minimaal ferskil (1-0) wûn. Earder ferlearen de Tricolores op it eigen sportpark Dijkpolder fan IJsselmeervogels, Katwijk, jong Sparta Rotterdam en waard lykspile tsjin TEC. "Het is een redelijk goed elftal. Ze hebben niet echt zwakke plekken, maar ook geen echte uitschieters naar boven", seit Jansen.

Ferrassings

Yn it bekerfuotbal binne der eltse ronde ferrassings. In soad profklups kinne dêroer meiprate. Ferline seizoen kaam SC Hearrenfean noch mei de skrik frij doe't se it yn de earste ronde opnimme moasten tsjin Katwijk. Pas yn 'e ferlinging waarden de amateurs útskeakele troch in doelpunt fan Sam Lammers.

Neffens Jansen is dat in warskôging dat jo de tsjinstanner nea ûnderskatte moatte. "We moeten superscherp starten en ze gelijk het gevoel geven dat er niets te halen valt. En dan door naar de volgende ronde."

Vincent van den Berg

Excelsior Maassluis spilet mei twa djippe spitsen, ien fan dy twa is Vincent van den Berg (30). Doe't er 16 jier wie, hat hy in jier yn de jeugdoplieding fan SC Hearrenfean spile. Jansen: "Ik was op dat moment trainer van de A's, maar Vincent heeft toen bij mij stage gelopen. Hij heeft dat seizoen bij Hans de Jong (no trainer fan Harkemase Boys) in de B's gevoetbald. Ik vond het heel bijzonder dat hij al snel de overstap maakte naar Engeland en ben hem eigenlijk altijd blijven volgen."

Nei ien jier by SC Hearrenfean makket Van den Berg de oerstap nei Arsenal. By de Ingelske klup stiet er trije jier ûnder kontrakt, mar makket er nea minuten yn it earste alvetal. Hy wurdt ferhierd oan Go Ahead Eagles en FC Zwolle. Doe't syn kontrakt by Arsenal ôfrûn, fûn Van den Berg gjin nije klup yn it betelle fuotbal. Sûnt 2009 spilet er wer foar Excelsior Maassluis, de klup dêr't er as jonge begûn.

Opstelling:

Hahn, Van Rhijn, Botman, Dresevic, Floranus, Faik, Bruijn, Halilovic, Van Bergen, Odgaard en Ejuke.

De wedstriid is yn hannen fan de Rotterdamske skiedsrjochter Clay Ruperti. Syn beide assistinten binne Ruud Bexkens en Nils van Kampen.

De wedstriid set om 19.45 oere útein en is live te folgjen op de radio by Omrop Fryslân. Arjen de Boer docht it kommintaar.

(advertinsje)
(advertinsje)