Bou en transport protestearje yn Den Haag: sy freegje oplossing fan minister

30 okt 2019 - 09:02

It moat in ymposant gesicht wêze: it Malieveld yn Den Haag stiet fol mei frachtweinen, kypauto's en kranen. Der wurdt fan it hiele lân út protestearre tsjin de PFAS- en stikstof-ympasse dy't de bousektor yn 'e besnijing nimt. Neffens Quinten Snijders fan Transport en Logistiek Nederland (TLN) moat der echt wat barre.

Foto: ANP

Der binne 45 brânsj-organisaasjes by it protest oansletten. Der komme woansdei ferskate bewâldsmannen praten, ek minister Schouten. "Zij moet met een heel goed verhaal komen, pleisters op wonden daar hebben we niets aan. Er moet vandaag of morgen een structurele oplossing komen," seit Snijders fan TLN.

Ek transport

Want it giet niet allinne om de bousektor, ek de transportsektor hat in soad lêst fan de krisis. "Er staan hier honderden vrachtauto's en andere voertuigen. Zo'n 30 procent van al het transport is bouwgerelateerd. Als het niet goed gaat met de bouw, gaat het ook niet goed met ons. Daarom zijn wij er ook bij vandaag."

PFAS-krisis

Snijders: "Door de PFAS-crisis staat het grondverzet stil en het transport ook. Onze leden moeten weer grond kunnen vervoeren. Door de stikstofproblematiek gaan bouwprojecten niet door, maar volgens ons is de PFAS-crisis het meest acuut. Vandaag of morgen moet er een structurele oplossing komen."

Quinten Snijders fan Transport en Logistiek Nederland

(advertinsje)
(advertinsje)