Kollum: "73 jier Fryske radio"

"Begjin 90'er jierren kaam ik wol ris by âld-kollega, letter boargemaster fan Alkmaar, Cees Roozemond. Hy wie de heit fan de hjoeddeiske direkteur fan SC Hearrenfean. De âlde Roozemond waard noch ynterim-boargemaster fan Smellingerlân as opfolger fan de romrofte Smallenbroek. En wie letter noch ûndersiker yn Zaanstad fan de oarloch tusken de plysjesjef dêr en de boargemaster Hanny Bruinsma. Dy hie earder deputearre yn Fryslân west.
© Omrop Fryslân
Eelke Lok fan De Gaastmar wurke foar't hy mei pensjoen gie 40 jier foar Omrop Fryslân. Op radio en telefyzje presintearre hy allerhanne programma's, mei as spesjalisaasje de Fryske polityk en sportferslachjouwing (reedriden en skûtsjesilen).
De Toan fan Eelke Lok
Romroft folk, dus jim begripe dat ik wolris yn Goaiïngea kaam. Dêr wenne de âlde Cees, fereale op it Fryske plattelân. En dan seine Cees en syn frou hiel faak tsjin my: "We leren het Fries van jullie uitzendingen." Wylst hy dat net nedich hie, want yn syn frije tiid wie hy inkeld mar by Cambuur.
Radio as taalbefoarderingsynstitút. Ik moat earlik tajaan dat de lju dy't yn 1946 der foar soargen dat de RON ûntstie, in regionale omrop foar Fryslân, Grins en Drinte, dat grif dien hawwe om de Fryske taal mear hiem te krijen. Der kaam ek nochal wat nij folk Fryslân yn, dy reagearren net allegearre op deselde wize as Roozemond.
De regionale omroppen waarden hieltyd sjoernalistiker. De lanlike omrop wie in soarte regionale omrop fan de Rânestêd, en dus moast Frysk nijs folwoeksener behannele wurde. Sjoernalisten fine dat taalbefoardering net by harren wurk heard. Annie Bosma-Banning fan Drachten die noch in Fryske kursus op de Fryske radio, Heinze Bakker en Jetske Zijlstra liezen de wurdsjes. Mar dêrnei wie de befoardering wol oer.
Dat wol sizze dat it bewust dien waard. Unbewust en dat bedoelde Cees Roozemond ek, betsjutte de Fryske radio fansels in hiel soad foar it Frysk. Derfoar hoegden je de sjoernalistike funksje net te feroarjen.
Omrop Fryslân, it rjochtstreekse bern fan de RONO, mocht dan wol sjoernalistiker wurde, it frjemde, en miskien ek wol it moaie wie, dat de harkers de âlde gedaante fan de Fryske radio net kwyt rekken. Ik haw 40 fan de 100 jier radio meidien. 17 jier dêrfan hie ik in rjochtstreeks polityk radioprogramma, it Wapen fan Fryslân. Der kamen altyd groepen Friezen nei de studio om dat programma mei te meitsjen. Nei de útstjoering spruts ik dan mei harren.
Sy seine allegear altyd itselde: kinne jimme net wat faker in Frysk ferske draaie. Is leuk wol in goed Frysk wurd. En soms gie it wol hiel fier: as der mar ien spiler fan Hearrenfean Frysk prate kin, is dat de iennige dy't jimme wat freegje kinne, oaren hoege we net te hearren. Yn eltse groep sieten wol in pear sokken.
Hindert neat, se wiene soarchsum foar de Fryske taal. Wy bleaune dêrtroch skerp, want ek as je Frysk prate foar de radio moatte je dat sa goed mooglik dwaan. Wy hiene op de redaksje hiele diskusjes. Sa waard troch net ien mear sein dat immen syn foet brutsen hie by in ûngemak, mar de skonk. De Fryske Beweging sei doe dat de Omrop de skonk werom jûn hat.
Hoe fier geane je dêryn. Je moatte net sizze dat dy blommen sa linkendewei aardich fertutearzje, dat begrypt 70 persint fan de Friezen net. 98 persint fan de ynwenners wit net dat as in brân dwêst wurdt, dat it dan út is. Dêrtusken sizze Friezen gewoanwei dat it jammer is dat dy belangrike spiler net meidwaan kin, wylst it formeel spitich is dat dy wichtige spiler der net is.
By de Olympyske Winterspelen yn Hamar, 1994, frege ik Falko Zandstra nei syn 1.500 meter. Ik die it earst yn it Nederlânsk, foar de NOS. Dêrnei yn it Frysk, foar de Omrop. Falko bleau stean. Seach my oan: "Moat it no noch net efkes yn it Turksk?"
Mart Smeets frege my yn 1980: "Waarom praat Hilbert van der Duim makkelijker en vrijer tegen jou dan tegen mij?" Doe haw ik andere: Hilbert tinkt ek Frysk.
Dêrom is it wol hiel dom fan de provinsje Fryslân om sa lang om te prutsen mei de fernijing fan it Frysk yn it ûnderwiis, dat se no it ferlechje brûke moatte dat soks miskien formeel steatsstipe wêze soe. Dat je net folwoeksener omgean mei je eigen taal is ûnfrysk. En dan is it net oars, meitsje dan fan de Omrop mar wer in taalbefoarderingsynstitút."