100 jier Amateurtoaniel Fryslân wurdt fierd mei 'De Foarstelling'

30 okt 2019 - 07:49

Ferline jier bestie de Stichting Amateurtoaniel Fryslân (STAF) 100 jier. Mar fanwege it drokke Kulturele Haadstêd-jier is in spesjale jubileumfoarstelling ferpleatst nei 2019. No moat it freed dochs echt begjinne: de premjêre fan 'De Foarstelling' yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean.

Neffens it toaniel ferwiist de namme 'De Foarstelling' nei de ynhâld: oan de hân fan werkenbere situaasjes en emoasjes wurdt yn in muzikale foarstelling in byld jûn fan it meitsjen fan in foarstelling. It is in reisfoarstelling, dy't net allinne yn it Posthuis Theater te sjen is.

Under lieding fan regisseur Tineke Broers fan Burgum en muzikaal lieder Tseard Nauta fan Baard is 'De Foarstelling' yn mear as oardel jier ta stân kaam. Der is moannen efter inoar repetearre yn in loads yn Nij Beets. Der dogge 18 amateur-toanielspilers oan mei.

Ferslachjouwer Willem de Vries sjocht by in repetysje foar De Foarstelling

(advertinsje)
(advertinsje)