Tafaller Ryk helpt mooglike bou doarpssintrum Donkerbroek

30 okt 2019 - 07:04

Om't der yn 2020 goed 200.000 euro mear beskikber is fan it gemeentefûns út fan it Ryk, kin de bou fan it doarpssintrum Donkerbroek mooglik holpen wurde. De ried fan Eaststellingwerf sil de ferdieling fan it jild dat de gemeenten fan it Ryk krije, meinimme yn de diskusje oer it doarpshûs.

It doarp Donkerbroek - Foto: Flickr, Sjaak Kempe

It byld fan jild út it fûns is positiver as dat yn maaie wie. Yn 2020 is der goed 200.000 euro mear beskikber en foar de jierren dêrnei gemiddeld sels 700.000 euro. Mar oft it ekstra jild fan 2022 ôf ek noch beskikber is en yn hokker mate, bliuwt ûnwis.

Krekt op dat momint wurkje de lêsten fan it doarpssintrum troch yn de begrutting fan de gemeente. Wethâlder Marcel Bos wol it takom jier besjen as ek dúdlik is hoe't de gemeente 2019 finansjeel ôfslút. De fraach is oft de gemeenteried fan Eaststellingwerf dêr op wachtsje wol.

Bou doarpssintrum

De bou fan in doarpssintrum mei in ferkearsplan foar Donkerbroek sil de gemeente Eaststellingwerf fan 2022 ôf struktureel 87.000 euro kostje. De bydrage fan de gemeente sil twa miljoen euro wêze en foar it ferkearsplan is der 350.000 euro nedich.

De ried hat earder al ynstimd mei in fernijbou fan basisskoalle De Twirrewyn yn 2020. Dêrnei is de bou fan it doarpssintrum oan bar en dan wurde de gebouwen fan it âlde doarpshûs sloopt en de grûn ferkocht.

Yn de riedsgearkomste fan 17 desimber komt it kolleezje mei in foarstel foar it nije doarpssintrum fan Donkerbroek.

(advertinsje)
(advertinsje)