Tekoart oan pleechgesinnen: "Dêr't fjouwer ite kinne, kinne ek fiif ite"

Yn Fryslân binne sa'n 850 bern dy't gebrûk meitsje fan de soarch fan sa'n 600 pleechgesinnen. Yn de provinsje is it elts jier it stribjen om sa'n 50 nije pleechgesinnen te finen, mar dat giet noch net goed: der binne noch mar 26 fûn, wylst it al novimber is. De Wike fan de Pleechsoarch set woansdei útein, dêrmei wurdt besocht mear âlden byinoar te krijen.
© ANP
"It giet wat minder as ferline jier, om eksakt te wêzen binne der no 26 nije pleechgesinnen ynskreaun dy't klear binne om matcht te wurden. Mar wy stribje nei 50 nije pleechgesinnen yn it jier, dus wy moatte der noch hurd oan lûke om dêr oan te kommen," seit Tiny Alting fan Pleechsoarch Fryslân.
It tekoart is soarchlik. "It is seker in punt fan soarch, it hat al in soad yn de media west. Mar der binne no 10 bern dy't wachtsje op in match, wy kinne dus noch wol ús bern betsjinje," leit Alting út.

Kampanje

Alting hat wol ferwachtingen fan de kampanje. "De ûnderfining lit sjen dat sa'n kampanje nije minsken generearje kin dy't nijsgjirrich binne om wat foar bern te betsjutten. Wy ferwachtsje wol in fraach nei ynformaasje en dêrmei is der wer potinsje."
Yn Fryslân binne woansdei twa aktiviteiten. Wethâlder Esther Verhagen fan gemeente Eaststellingwerf sil by de skoalle yn Elslo in spandoek ûntbleatsje, wêrmei't oandacht foar pleechsoarch frege wurdt. En der wurdt yn Ljouwert in pleechsoarch-app presintearre. "Dat is in eigentiidsk middel om mear ynformaasje oer pleechsoarch oan te bieden, ek foar de potinsjele âlden."

Mienskip

Der is noed, jout Alting ta: "Ik bin net minder ûngerêst. Mar ik wol ek hoopfol bliuwe. Fryslân stiet bekend om 'mienskip' en sa't der wol sein wurdt: dêr't fjouwer ite kinne, kinne ek fiif ite. Dat jout wol oan hoe't dy Fryske mienskip yn inoar sitte kin."