Briedende greidefûgels better yn byld troch gearwurking
Foar it earst is der in sa goed as kompleet oersjoch fan it tal spantsjes briedende greidefûgels. Alteast, fan de fjouwer haadsoarten: de ljip, skries, strânljip en tsjirk. Dêrfoar hawwe seis organisaasjes mei-inoar gearwurke dy't lang net altyd op deselde wize telle.
It BFVW (Bond van Friese Vogelwachten), Sovon Vogelonderzoek, de boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge yn it Kollektiveberied Fryslân en natuerbehearders It Fryske Gea, Staatsbosbeheer en Natuurmonumenten wurkje al gear yn it saneamde 'Olderterp-oerlis.' Dêr komt de winsk ek wei om de greidefûgeltellingen te kombinearjen.
By de presintaasje tiisdeitemiddei yn it Provinsjehûs yn Ljouwert makke elkenien ek dúdlik dat der genôch animo is om de gearwurking út te wreidzjen. Dy gearwurking kin derta liede dat goede greidefûgelgebieten grutter wurde en dat der ferbiningen komme tusken de goede gebieten.
Maitiid wie noch net sa ferkeard
De sifers oer dizze maitiid lykje hielendal net sa ferkeard. Benammen it tal piken dat grut wurden is, is oer it algemien foldwaande om fûgelstân op itselde nivo te hâlden. Dat komt mei troch it goede mûzejier wêrtroch't rôfbisten genôch te fretten hawwe.
Allinnich op de measte Waadeilannen gie it stikken minder: benammen op Skylge. Mooglik hawwe de greidefûgels dêr ekstra te lijen hân fan de drûge simmer.