NHL Stenden op tredde plak bêste hegeskoallen yn 'Keuzegids HBO 2020'

30 okt 2019 - 06:10

NHL Stenden hegeskoalle hat it tredde plak berikt fan 'bêste hegeskoallen' yn de lanlike 'Keuzegids HBO 2020.' Ofrûne jier behelle NHL Stenden ek al it tredde plak. Dêrneist hawwe 19 opliedingen fan de hegeskoalle de kwaliteitssegel 'topopleiding' krigen. Dit is foar de skoalle in ferdûbeling fan ofrûne jier.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn de gids krije elts jier de bêste opliedingen in kwaliteitssegel topoplieding. Sa is de oplieding Maritiem Officier fan it Maritiem Instituut Willem Barentsz foar de 7e kear bestimpele mei dizze segel. Yn Emmen hawwe de opliedingen Chemie en de PABO foar de fjirde en tredde kear de kwaliteitssegel krigen. Neffens de skoalle binne dit foarbylden fan stúdzjes dy't opliede ta beroppen dy't relevant binne yn de regio.

Toerisme en hotelmanagement

Nij dit jier is de taheakking fan de 'associate degrees' (Ad). Nei dizze foarm fan twajierrich praktykrjocht HBO-ûnderwiis is hieltyd mear fraach fan it wurkfield út. Neffens de gids ûnderskiedt NHL Stenden him mei Ad's foaral op it mêd fan toerisme en hotelmanagement.

NHL Stenden is ferline jier ûntstien troch in fúzje tusken NHL Hogeschool en Stenden Hogeschool. De nije skoalle hat goed 24.000 studinten, 2.200 meiwurkers en 12 fêstigingen.

(advertinsje)
(advertinsje)