Hattrick Ladan wichtich foar Cambuur: "Hy sjit se binnen. Bam!"

Cambuur fersloech tiisdeitejûn de amateurs fan Goes mei 0-5 yn de earste ronde fan de KNVB Beker. Trainer Henk de Jong is tefreden oer it spul fan spits Delano Ladan. Hy makke trije doelpunten.
Reaksjeartikel Cambuur - Goes
Henk de Jong: "Moai foar ús spitske (Ladan, red.,) dat er skoarde, Mar leafst trije kear. Dat gun ik him fan herte. Hy moat noch leare om echt te fuotbaljen, mar is wol hiel doelgerjocht. Hy sjit se binnen. Bam!"
"Goes hat in oantal aardige spitsen, gefaarlike jongens, dan witst datst skerp weze moatst en dan falt ek noch twa kear it ljocht út. As it noch in kear barre soe, soe de wedstriid net mear trochgean. En dan moatte wy hielendal werom. Dat binne aparte dingen, mar wy hawwe ús goed wersteld yn de twadde helte en dan wurdt it ek noch 5-0", seit Henk de Jong.

'We moesten gewoon winnen'

Cambuur wûn úteinliks dan wol mei grutte sifers, mar hie it yn de earste helte lestich mei de amateurs, seach ek Delano Ladan. "Het is een stugge ploeg. De eerste helft hadden we het nog vrij lastig, maar in de tweede helft was het kwaliteitsverschil zo groot, dan moeten we gewoon winnen."
Cambuur kaam oan it begjin ek goed fuort, doe't Mac-Intosch in bal fan de line helle. "Je moet hier zeker niet achter komen, dan had het een hele andere wedstrijd kunnen worden, dan hadden we misschien een verlenging op net gewonnen."
Reaksjeartikel Cambuur - Goes
De barde net en Cambuur wûn úteinlik frij maklik, mei troch de hattrick fan Ladan. "Een hartstikke goed gevoel, voor mij de eerste hattrick in het betaalde voetbal. Dus die bal gaat mee naar huis, met alle handtekeningen van het team," lake de spits.
Cambuur fynt de beker wichtich. "We willen natuurlijk zover mogelijk komen. De eerste overwinning is binnen!"
© Orange Pictures