Te wiete parkearplakken; livestream it bêste plak om oankomst F-35 te sjen

29 okt 2019 - 22:24

De greiden dy't Fleanbasis Ljouwert brûke woe as parkearplak foar minsken dy't tongersdei de oankomst fan de F-35 sjen wolle, blike dêrfoar te wiet te wêzen. De fleanbasis advisearret dêrom no om de oankomst op de livestream te folgjen.

De F-35 - Foto: Ministearje fan Definsje

De greiden om de basis hinne binne te wiet troch de protten rein fan de lêste tiid, neffens de fleanbasis is it dêrom net ferantwurde om der gebrûk fan te meitsjen.

As alternatyf wiist de basis op de livestream bit.ly/F35live. 'Hier krijgt men meer mee van het programma".

Wa't dochs nei de basis komme wol, wurdt oanret dat op de fyts of mei de bus te dwaan. Oan de Marsumerkant fan de basis kin dan útstapt wurde by de halte 'Marsum', oan de Jelsumerkant by de halte 'Jelsum'.

Der binne neffens de fleanbasis wol alternative parkearplakken beskikber, mar dan moat der folle fierder rûn wurde nei de spottersplakken dêr't publyk de oankomst folgje kin. De basis wiist derop dat yn Marsum sels tongersdei in folslein parkearferbod jildt.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-35
(advertinsje)
(advertinsje)