Mei de F-35 sjogge jo sels yn it tsjuster alles helder

30 okt 2019 - 07:00

De F-35 jout in soad mooglikheden. Mei alle sensoaren registrearret it tastel sa'n soad ynformaasje dat de fleaners kieze moatte wat se sjen en brûke wolle. It is ien fan de grutste ferskillen mei de F-16 dêr't no noch mei flein wurdt.

Ien fan de Nederlânske F-35's - Foto: Omrop Fryslan

De Loftmacht ferfangt de F-16 's troch F-35's. Tongersdeitemiddei om trije oere hinne komt op de Fleanbasis Ljouwert de earste fan de F-35's oan dy't dêr de kommende jierren definityf stasjonearre wurde. Op de basis is it feest, mar dêrbûten leit it bytiden oars.

Histoarysk momint

It wie desimber 2013. Laurens-Jan Vijge makke as earste Nederlanner in flecht mei in F-35. No, hast seis jier letter, stiet Vijge by de baan yn Ljouwert. Hy is haad operaasjes op de fleanbasis yn Ljouwert en bot belutsen by de opbou fan it F-35-squadron. "Het is echt wel een bijzonder moment. Voor ons als Luchtmacht omdat wij na jaren praten en ontwikkelen eindelijk het toestel hier krijgen. Het is niet de eerste keer dat het toestel hier landt, maar wel de eerste die blijft. Dit is wel historisch."

In grutte stap

It earste tastel dat Vijge fleach, is folslein oars as itjinge dat hjir aansen stasjonearre wurdt: "Dat eerste toestel was heel anders. Dat had alleen maar basissoftware. Daar kon je veilig mee vliegen. De radar bijvoorbeeld deed het wel, maar gaf niet de informatie die we er nu vanaf kunnen halen."

'Bono' is krekt twa wiken werom út de Feriene Steaten. Hy is de earste F-16-fleaner fan Ljouwert dy't de oplieding ta F-35-piloat trochrûn hat. In grutte stap, sa seit 'Bono': "De F-35 is van Lockheed Martin, dezelfde producent als van de F-16. Je merkt als F-16-vlieger dat je vrij snel kunt wennen aan het nieuwe toestel, omdat veel knoppen op dezelfde plek zitten en menu's hetzelfde zijn. Waar je wel heel erg aan moet wennen is dat het vliegtuig veel meer capaciteiten heeft. Je ziet meer en je weet meer. Het is een uitdaging om daarmee om te gaan en de informatie te filteren. Wat is belangrijk voor mij en wat kan ik op dit moment even weg laten."

Fleanende iPad

De F-35 is ek wol te omskriuwen as in fleanende iPad. Yn plak fan in tal lytse skermkes yn de F-16 is by de F-35 alles op ien grut skerm werom te finen en te betsjinjen. 'Bono': "Ik kan dat scherm dan weer indelen zoals ik wil en alles is touchscreen te bedienen." Yn de helm kriget de fleaner in helder byld projektearrre fan wat bûten it tastel bart. Sa hat de fleaner de mooglikheid ûnder en efter it tastel te sjen. "Dat is name 's nachts handig. Je ziet veel meer details, een horizon", seit Bono. "In de F-16 had je dan nachtzichtkijkers op. Hier zie je alles helder in je vizier. Dat maakt het een stuk veiliger en efficiënter."

Op de Fleanbasis Ljouwert is de ôfrûne tiid in soad ferboud. Sa stiet der in nij squadron-gebou mei dêryn fjouwer grutte simulatoaren. Vijge: "We zijn er hier nu helemaal klaar voor. Als het toestel komt, gaan we het nakijken. We kijken na of alles wat we besteld hebben, zo afgeleverd wordt. Als dat klaar is, gaan we vliegen in het reguliere vliegprogramma."

As der oefene wurdt en de F-35 in sabeare loftgefjocht oangean mei in F-16, dan is der fan in earlik gefjocht gjin sprake mear. 'Bono': "We hebben echt wel een stapje voor met deze machine. Wat dat betreft zijn we aan de winnende hand."

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Kritisy freegje har ôf oft in feest wol past by it binnenheljen fan in nij wapensysteem. In tastel dat ek yn de buert by omwenners foar noed soarget oer mooglike lûdsoerlêst.

Vijge begrypt de krityk: "Zo zie ik het zelf absoluut niet. Het is een voortzetting van wat we al jaren doen hier op de basis met de F-16. Nu komen er ook andere toestellen en draaien we grote oefeningen. Dat doen we in samenspraak met de omgeving. Het gaat nu om de vervanging van een F-16. Het is niet zo dat er nu iets volkomen anders gaat gebeuren in de omgeving. Dat is niet de doelstelling. We blijven luisteren naar de omgeving, horen wat er leeft. We hopen daar samen goed uit te komen. Dat doen we hier al veertig jaar op de vliegbasis met de F-16."

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-16 F-35
(advertinsje)
(advertinsje)