Undersikers advisearje mear tafersjoch by sânplaten op It Waad

29 okt 2019 - 21:48

Hieltyd mear boatsjefarders falle drûch by de sânplaten Razende Bol en Engelschhoek op it Waad. Omdat se dêrby de skulpdierbanken by de platen fersteure, advisearje ûndersikers mear tafersjoch by de platen yn te stellen.

De Waadsee by Gryn - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De ûndersikers jouwe harren advys yn de evaluaasje fan it farseizoen 2018 op It Waad. Dêryn sizze se ek dat de measte boatsjefarders harren oan de regels op it Waad hâlde.

Ut de evaluaasje docht ek bliken dat yn 2018 mar krekt wat mear rekreaasjefarders op it Waad west hawwe as it jier dêrfoar.

It is foar it tredde jier op rige dat it farseizoen evaluearre wurdt. Dat wurdt dien yn it ramt fan it Actieplan Vaarrecreatie Waddenzee (Ik pas op het Wad).

(advertinsje)
(advertinsje)