Cambuur bekeret fierder nei simpele oerwinning op amateurs Goes

29 okt 2019 - 21:42

Sportclub Cambuur hat tiisdeitejûn mei 0-5 wûn op besite by Goes. Yn Seelân wie foaral Delano Ladan wichtich, hy skoarde in hattrick. Debutant Doke Schmidt joech twa assists.

Foto: Orange Pictures

De grutste kâns yn de begjinfaze wie foar Goes. Steve Schalkwijk kaam allinnich foar de keeper, mar Sonny Stevens brocht rêding. Yn de rebound helle Calvin Mac-Intosch de bal fan de line.

Nei in goed kertier lei skiedsrjochter Jannick van der Laan de wedstriid efkes stil, omdat de ferljochting op Sportpark Het Schenge oant twa kear ta útfoel. Nei goed fiif minuten koe it spul wer fierder.

De grutste kânsen wiene dêrnei foar de Ljouwerters. Foaral Jarchinio Antonia wie gefaarlik. Hy koe úthelje, mar trochdat de bal op stuite gong er oer. Dêrnei krige Goes in grutte kâns op de foarsprong, mar Ruben Hollemans skeat in frije traap krekt oer.

Fiif minuten foar it skoft besocht Alex Bangura de 16 yn te gean, mar hy waard ûnderút helle: strafskop. Delano Ladan fersulvere dy en stjoerde Cambuur sa mei in 0-1 foarsprong it skoft yn.

Al gau nei it skoft kaam Cambuur op 0-2, doe't Stanley Akoy in mislearre foarset foar de fuotten krige en de bal hurd yn de rjochterhoeke skeat.

Dyselde Akoy krige ek in grutte kâns op 0-3, mar syn skot gong rjocht op Goes-doelman Meulmeester ôf. Tweintich minuten foar tiid wie it foar Mac-Intosch wol raak. Hy kaam troch it midden fan it fjild nei foaren en krige romte om de bal binnen te sjitten. Ek Mac-Intosch krige gau in kâns op syn twadde fan de jûn, mar hy skeat krekt oer.

In kertier foar tiid slagge dat Ladan wol nei in foarset fan debutant Doke Schmidt. Schmidt soarge der trije minuten letter ek foar dat Ladan syn hattrick meitsje koe. De spits skeat binnen nei in moaie stekpass fan de Feanster.

Goes - SC Cambuur 0-3 (0-1). 39. Delano Ladan (strafskop) 0-1, 53. Stanley Akoy 0-2, 68. Calvin Mac-Intosch 0-3, 77. Ladan 0-4, 80. Ladan 0-5.

Opstelling Cambuur: Stevens; Bangura (74/Schmidt), Van der Kaap, Mac-Intosh, Van Deelen; Akoy (67/Jacobs), Hoedemakers, Maulun; Paulissen, Ladan, Antonia (57/Oratmangoen).

Woansdei komme SC Hearrenfean en Harkemase Boys ek yn aksje yn de KNVB beker, sy nimme it op tsjin Excelsior Maassluis en FC Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)