Roeiwedstriid Fryslân tsjin Grinslân: "Oxford-Cambridge fan it Noarden."

De roeirace tusken Fryslân en Grinslân komt werom. Roeiferiening Wetterwille út Ljouwert bestiet hûndert jier en om dat te fieren hâlde sy in wedstriid tsjin Grinslân. It sil heve op 10 novimber op de Emmakade yn Ljouwert. Dêrmei wurdt in âlde tradysje nij libben yn blaasd.
Fryslân - Grins boatrace komt werom
De roeiwedstriid wurdt holden op it wetter fan de Emmakade yn Ljouwert. Ferskate boaten sille it tsjininoar opnimme. De provinsje dy't de measte wedstriden wint, is de grutte winner. Dy krijt dan in wikselbeker, fertelt organisator Harald Beilen entûsjast.
Van Beilen stiet yn it kluphûs fan roeiferiening Wetterwille en sjocht nei de ynskriuwstlist foar de race. Der stean aardich wat nammen op, dat de animo is grut. In grut ferskaat oan boaten docht mei. Sa ferskine der c4- en c5-boaten oan de start, mar ek de ferneamde boat mei acht roeiers docht mei.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Van Beilen rint nei de kant fan it wetter dêr't dielnimmers oan it trainen binne. De feriening pakt it serieus oan. "Ik doch net geregeld mei oan wedstriden, mar foar sa'n bysûnder evenemint meitsje ik fansels wol in útsûndering," seit dielnimmer Roelie Mooijen. "We traine no hurd en ik sit yn de c4-boat, dus dan witst alfêst dat dy in alle gefallen wint," laket Mooijen.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De boatrace hat in lange, rûzige skiednis. Yn de jierren '20 en '30 fan de foarige iuw waard de race alle jierren holden, sa fertelt Van Beilen grutsk, wylst er in pear foto's sjen lit as bewiis. "Kijk hier zie je dat het echt leefde. Er staan honderden mensen langs de kant. Een collega-organisator dook onlangs in de archieven van de krant en kwam tot de ontdekking dat er 5000 mensen aanwezig waren!"
Dy oantallen ferwachtet Van Beilen no net, mar de organisaasje set wol alles op alles om der tichtby te kommen. Sa ha sy de publisiteit opsocht om safolle mooglik minsken op de wâlskanten te krijen. De gemeente Ljouwert hat in fergunning ôfjûn om tusken 14.00 en 17.00 de Emmakade folslein foar de race te brûken. "Dan moet je er ook gebruik van maken," laket Van Beilen.
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De roeiers binne yn folle tarieding
De race wie yn de earste helte fan 1900 in grut sukses, mar de Twadde Wrâldkriich makke dêr in ein oan. De reden dêrfoar is net bekend. "Om de een of andere reden hield de race in 1944 op. Waarom precies, weten we niet. Dat het met de oorlog te maken heeft spreekt voor zich," seit van Beilen.

No is de race dus werom. Dat er holden wurdt yn novimber, is wol nuver, mar neffens Van Beilen komt dat om't it idee spontaan wie. "We moesten alles op het laatste moment regelen," seit Van Beilen wylst er de brief der wer by pakt. It sil net waarm wêze om by de race te sjen, mar Van Beilen hopet dat dat gjinien tsjinhâldt.