Queer Cinema-programma yn Neushoorn

30 okt 2019 - 07:40

Yn de wike fan it Noordelijk Filmfestival is der ek omtinken foar Queer Cinema. 'Queer' is in term dy't stiet foar de identiteit fan minsken dy't bûten de heteroseksuele noarm falle om sa in gefoel fan akseptaasje te kreëarjen. Om dêr wat mear ynsjoch te jaan organisearje IepenUp en Rôze Sneon in filmwike mei queer as tema.

Queer-film Galore - Foto: Galore

Queer komt tsjintwurdich faker foar yn films, searjes en oare populêre media. Yn gearwurking mei Queer Filmfestival Utrecht, Zuperstition en Human Rights in the Picture litte IepenUP en Rôze Sneon fan 6 oant 10 novimber queer-films sjen. Dit is in feestlike oanfolling op it filmprogramma fan de 40e edysje fan it Noordelijk Filmfestival. It queer-programma is te sjen yn it kafee de Backstage fan poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

IepenUP

It wyklikse praatprogramma IepenUP stiet woansdei 6 novimber yn it ramt fan Queer Cinema. Te gast binne binne filmmakkers en queers dy't dêroer fertelle, mar der sille ek films fertoand wurde. Sa is de dokumintêre 'm/f/x' te sjen wêryn't in transfrou yn Hondoeras, in transman yn Fjetnam en in transgender, non-binêr persoan út Nederlân portrettearre wurde.

Films

Op tongersdei 7 novimber is de film Rafiki te sjen. Dat gier oer in opbloeiende leafde tusken twa jonge Keniaanske froulju. Troch famylje en politike druk soarget harren leafde derfoar dat se kieze moatte tusken feiligens en lok. De film is ferbean yn Kenia.

De film Carmen & Lola wurdt op freed 8 novimber fertoand. Dêryn wurdt it ferhaal ferteld oer twa lesbyske famkes yn de Romamienskip. Yn dizze mienskip is homoseksualiteit in sûnde.

Sneon 9 novimber is Galore te sjen oer dragqueensensaasje Lady Galore, Sander de Baas. Nei de film is der in mooglikheid om fragen te stellen oan de regisseur en Sander de Baas sels.

De film Retablo is snein te sjen. De 14-jierrige Segundo giet yn dizze film op in dei mei syn heit nei de merk en dat soarget foar in grutte smet op it byld dat Segundo fan syn heit hat.

Jacco de Boer fan IepenUP wit alles oer it filmprogramma

(advertinsje)
(advertinsje)