UPDATE: Fermiste demintearjende man is werom

29 okt 2019 - 19:06

De plysje hat mei help fan Burgernet in fermiste demintearjende man weromfûn. De man wie tiisdei oan it begjin fan de middei te fytsen gien en net weromkaam.

Foto: Omrop Fryslân

Tiisdei oan it begjin fan de jûn koe de plysje melde dat de man werom wie. Wêr't er krekt oantroffen is, is net bekend makke.

De man wie neffens it Burgernetberjocht te fytsen gien oan de súdkant fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Ljouwert fermist burgernet
(advertinsje)
(advertinsje)