Hast miljoen provinsjale subsydzje foar ferbettering winkelgebieten

29 okt 2019 - 17:57

Fryske gemeenten, ûndernimmers en detailhannelsferieningen kinne ynkoarten subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan har winkelgebiet. De provinsje lûkt dêr sawat ien miljoen euro foar út.

It winkelsintrum fan Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Oeral yn Fryslân steane hieltiten mear winkels leech en hieltiten mear minsken dogge har ynkeapen fia ynternet. Om dêr wat oan te dwaan, hat de provinsje in plan fan oanpak makke.

In ûndersyksburo hat 71 Fryske winkelgebieten ûndersocht en in list mei ferbetterpunten makke. De subsydzje kin brûkt wurde om mei dy ferbetterpunten oan de slach te gean. Winkels kinne mei it jild bygelyks mei elkoar mear reklame meitsje.

Trefwurden: 
subsydzje winkelgebiet
(advertinsje)
(advertinsje)