Diel fan N359 yn novimber pear dagen ticht

29 okt 2019 - 17:30

In diel fan de N359 is yn de moanne novimber in tal dagen ôfsletten. De provinsje Fryslân is drok dwaande mei wurk oan de provinsjale dyk tusken Tsjerkwerd en Warkum. It wurk giet de twadde faze yn wêrby't de N359 oer it trajekt Parregea-Súd folslein ôfsletten is foar trochgeand ferkear.

Foto: Google Maps

De dagen dat de dyk ôfsletten is, binne 4, 5, 14 en 15 novimber. De dyk is dan ticht fan 19.30 oant 05.30 oere. Dan is allinnich de trochgeande rûte troch Parregea beskikber foar trochgeand ferkear en foar helptsjinsten. Dizze rûte is oan te riden oer it krúspunt Parregea-Noard en de Aaltjemeerweg.

Oerdeis sil der hinder wêze op de N359 foar trochgeand ferkear. Sa kin it foarkomme dat it ferkear troch ferkearsregelers yn goede banen laat wurdt en dat der mar in heale baan beskikber is mei snelheidsbeheiningen.

De earste faze Tsjerkwerd Parregea Noard wurdt dizze wike dien makke en dan is de Angterperlaan ek wer berikber.

Trefwurden: 
N359 wurk oan dyk
(advertinsje)
(advertinsje)