Steuring Elfstedenhal: reedriden foar in grut part net mooglik

29 okt 2019 - 17:23

Troch in steuring oan de kuolmasines kin der tiisdei en woansdei net reedriden wurde op de 400-meterbaan en it middenterrein fan de Elfstedenhal yn Ljouwert. It iis yn de Blauwe Hal is op it stuit noch wol brûkber foar de sport, sa as iishockey.

Foto: Omrop Fryslân

De masines yn de Elfstedenhal draaie op fjouwer kompressoaren, twa grutte en twa lytse. Dy regelje de waarmte en de kjeld yn it gebou. Ien fan de grutte kompressoaren wie ofrûne wike al stikken, mar hjirtroch koe der noch wol reedriden wurde.

De oare grutte kompressor is no ek stikken en dêrtroch is reedriden net mear mooglik. It iis leit noch wol op 'e baan, om't de twa lytse kompressoaren wurkje. It is noch ûndúdlik wêrom't de beide kompressoaren stikken binne. Der is in team dwaande om nije kompressoaren te heljen en te sjen oft se yn de hal passe.

Op 'e hichte

De organisaasje hopet dat de hal nei woansdei wer iepen kin, mar dat is ôfwachtsjen. Fia sosjale media, telefoan en e-mail is besocht minsken op 'e hichte te bringen dat der net riden wurde kin. Fia dy kanalen litte sy it ek wer witte as de problemen oplost binne.

(advertinsje)
(advertinsje)