Grutste yngreep ea yn Skylger dunen hast dien

29 okt 2019 - 17:16

It grutskalich plagjen fan de dunen op Skylge is sa goed as klear. Fan 32 bunder is de boppeste laach fuorthelle en nochris 12 bunder is op oare wize oanpakt, sadat it sân wer maklik stowe kin. It giet om de grutste yngreep ea yn de Skylger dunen.

Der wurdt allinnich noch wurke op in sawat twa kilometer lange stripe by de see del, op de Noordsvaarder by peal 5. Dêr wurde kerven en stokûlen makke, sadat it sân fan it strân ôf wer yn de dunen komme kin. It kalkrike sân is wichtich, omdat dêrmei plantesoarten dy't yn de dunen thús hearre, it folle better dogge.

De typyske dúnfegetaasje kin dreech oer te folle stikstof. Dêrtroch groeie soarten dy't dêr wol fan hâlde sa goed, dat de dunen rûger wurde. It plagjen is net de iennichste metoade om dit oan te pakken. It rûch kin ek opfretten wurde. Dy strategy wurdt ek in soad brûkt op it eilân, mei ûnder oare geiten en kij.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
(advertinsje)
(advertinsje)