Kolleezje Weststellingwerf wol fan âld boargemastershûs monumint meitsje

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn de gemeente Weststellingwerf wol it âlde boargemastershûs yn Wolvegea behâlde foar de takomst. Dêrom wolle se it gebou op de gemeentlike monumintelist pleatse.
It âlde boargemastershûs yn Wolvegea © Google Street View
It Steunpunt Monumentenzorg Fryslân en Stichting Interieurs in Fryslân hawwe de binnen- en bûtenkant fan it gebou opnij beoardiele en jouwe it gebou genôch punten foar in plak op de gemeentlike monumintelist. Op dy list stean oant no ta 69 monuminten.
It âlde boargemastershûs stiet oan de Hoofdstraat Oost 52 yn Wolvegea en is hast 100 jier âld. Dit jier april kocht de gemeente it gebou, omdat se graach de monumintale wearde fan en yn it pân behâlde wol.
As belanghawwenden it net iens binne mei it pleatsen fan it gebou op de monumintelist, kinne se dat noch witte litte. Dêrnei beslút it kolleezje definityf.