Klaas van der Meulen folget Klaas van der Meulen op op skûtsje 'Klaas van der Meulen'

29 okt 2019 - 17:03

It SKS-skûtsje fan Wâldsein, de 'Klaas van der Meulen', hat in nije skipper. Teake Klaas van der Meulen hat it roer oerlange oan syn neef Klaas van der Meulen. It skûtsje is in famyljeskip.

Foto: SKS

Doe't de heiten fan de neven opholden mei it wedstriidsilen, is ôfsprutsen dat it neiteam elk in perioade skipper wêze sil. Klaas van der Meulen is dêrfan de twadde dy't no in perioade skipper wêze sil, nei Teake Klaas dy't fan 2013 ôf skipper wie.

De nije skipper is in soan fan Ype van der Meulen, dy't tusken 2000 en 2013 skipper wie. De namme Klaas van der Meulen is dus op dizze wize op 'e nij direkt ferbûn oan de namme fan it skûtsje. Dy namme is fan de man dy't yn 1965 mei dit skip yn de SKS-float kaam. It skûtsje waard SKS-kampioen yn 1985, 1989 en 1991.

(advertinsje)
(advertinsje)