Ungelok op A28, omlieding tusken It Hearrenfean en Zwolle

29 okt 2019 - 16:30

Ferkear dat út de rjochting It Hearrenfean wei nei Zwolle ta wol, kin net oer de A32 en A28. Dat komt troch in ûngelok by Staphorst. It ferkear moat dêrtroch oer de A7, A6 en N50.

File - Foto: Shutterstock.com

It giet om in frachtwein dy't op 'e kant fallen is by Staphorst. De sjauffeur is ferwûne rekke.

(advertinsje)
(advertinsje)