F-16 makket foarsoarchslâning mei parasjute op Fleanbasis Ljouwert

29 okt 2019 - 16:17

In F-16 dy't dwaande wie mei in oefening by de Fleanbasis Ljouwert hat tiisdeitemiddei in needlâning meitsje moatten. It tastel hat mooglik motorproblemen krigen ûnder it fleanen.

De F16 mei de parasjút - Foto: ProNews

Ut foarsoarch stie de brânwacht fan de fleanbasis klear by de lâningsbaan, mar dy hoegde net yn aksje te kommen. De piloat brûkte in parasjute om it tastel feilich oan de grûn te krijen.

De technyske tsjinst fan Definsje sil sjen wat der krekt oan de hân wie. It komt faker foar dat in F-16 in foarsoarchlâning makket.

Trefwurden: 
Fleanbasis Ljouwert F-16
(advertinsje)
(advertinsje)