Weststellingwerf: mear reizgers op stasjon Wolvegea troch nije tsjinstregeling

De gemeente Weststellingwerf ferwachtet mear reizgers dy't ynstappe op it stasjon yn Wolvegea mei de nije tsjinstregeling dy't mids desimber yngiet. Treinreizgers nei Zwolle of de Rânestêd binne mei de nije tsjinstregeling fan de NS minder tiid kwyt.
It stasjon fan Wolvegea © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De NS hat yn de nije tsjinstregeling winsken fan de provinsje Fryslân en gemeenten ferwurke. Boppedat wurde nij, rappere Sprinters ynset. Wethâlder Jack Jongebloed fan Weststellingwerf is wiis mei de nije tsjinstregeling. "Vanuit Wolvega en omliggende plaatsen reizen veel mensen met de trein", seit er.
Sûnt de tsjinstregeling dy't yn desimber 2017 yngien is, hawwe reizgers nei Zwolle en de Rânestêd in langere oerstaptiid yn Meppel. In protte reizgers gongen dêrom mei de auto nei Stienwyk, om dêr yn de Intercity te stappen. Sa omsylden se dy langere oerstaptiid, want de Intercity hâldt gjin halt yn Meppel. "Samen met andere gemeenten en de provincie hebben wij ons ingezet voor aanpassing van de dienstregeling door de overstaptijd te verkorten", seit Jongebloed.
De tsjinstregeling fan de Sprinter is feroare, wêrtroch't de oerstaptiid fan en nei Zwolle koarter wurdt: fjouwer minuten yn stee fan alve. Reizgers fan en nei de Rânestêd binne sa'n fyftjin minuten koarter ûnderweis.