HEA! 70 jier achter it oargel

29 okt 2019 - 15:03

Wietze Veenstra fan De Harkema is 86 jier en hat in grutte leafde foar muzyk. It siet der al jong yn. Fan syn 12e jier ôf siet hy alle sneinen neist de oargelist fan tsjerke. En somtiden mocht hy sels ek in stikje spylje. Doe't de fêste oargelist siik wie, hat Wietze de taak oernaam en hy is net mear fuort gien. Al 70 jier is syn fêste plak op snein achter it oargel.

(advertinsje)
(advertinsje)