Justysje wol miljoenen ôfpakke fan kriminelen yn grutte Fryske drugssaak

Justysje besiket tiisdei by de rjochtbank yn Ljouwert fan sân minsken in bedrach fan yn totaal twa miljoen euro ôf te pakken. De fertochten, manlju út Ljouwert en Dronryp, binne al feroardiele foar grutskalige himptylt en it wytwaskjen fan jild.
Justysje wol miljoenen ofpakke
Ien fan de manlju waard yn oktober 2017 delsketten foar syn hûs yn Dronryp. Doe waard al rekken hâlden mei in ôfrekkening yn it kriminele sirkwy. Yn de grutte drugssaak waarden alve minsken feroardiele ta wurkstraffen en finzenisstraffen oant twa jier.
It jild dat de feroardielden fertsjinnen mei de drugshannel, wol justysje no op grûn fan de 'pluk-ze-wet' fan harren ôfpakke. Neffens parse-offisier Gerben Wilbrink is it belangryk om sjen te litten dat misdied net leannet. It giet faak om grutte bedraggen, seit er. "Wij vinden dat mensen dat moeten terugbetalen en niet mogen houden."

Previntyf

It slagget justysje faak wol om it jild ôf te pakken, seit Wilbrink. "In de regel lukt ons dat aardig. We besteden er ook heel veel aandacht aan, op het moment dat we een actie hebben, om al goederen in beslag te nemen, zodat we die alvast binnen hebben." It giet dan bygelyks om djoere auto's, bankrekkens, wenningen, sieraden, djoere klean en kompjûters. Neffens Wilbrink wurket dit faak al previntyf. "Dat ziet de omgeving ook, dus dat doet echt pijn."
De rjochtseal yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ferline jier hat it Iepenbier Ministearje yn Nederlân 171 miljoen euro ôfpakt fan kriminelen. Dat jild giet nei de minister fan Finânsjes en dy brûkt it foar algemiene dingen.
Op 19 desimber docht de rjochter útspraak yn dizze saak.
Parse-offisier Gerben Wilbrink