Provinsje wol wer proef mei hurdfarren op Burgumer Mar

29 okt 2019 - 14:28

De proef mei it hurdfarren op de Burgumer Mar kriget takom jier in ferfolch, as it oan de provinsje leit. Wol komme der oanpassings. Sa bliuwt it hurdfargebiet yn it súdwestlike part fan de mar.

Foto: Omrop Fryslân

De rjochter oardiele dit jier dat mooglike fersteuring fan de natuer oanlieding wie om it hurdfarren foarearst stil te lizzen. Der is noch gjin definitive útspraak fan de rjochter hjiroer.

De provinsje tinkt troch de plannen wat te wizigjen, dat in ferfolch fan de proef mooglik is. Sa sil it hurdfargebiet lykas yn 2019 yn it súdwestlike part fan de Burgumer Mar lizze, dus by Burgum. It plan wie om dat te ferpleatsen nei it súdeastlike part, by Eastermar. Dêr stapt de provinsje no fanôf.

Deputearre Avine Fokkens oer it hurdfarren op de Burgumermar

(advertinsje)
(advertinsje)