Trije Fryske klups yn aksje yn bekertoernoai: Omrop Fryslân is derby

SC Hearrenfean, SC Cambuur en Harkemase Boys komme dizze wike yn aksje yn de earste ronde fan de KNVB-Beker. Cambuur giet tiisdeitejûn op besite by GOES, Hearrenfean moat nei Excelsior Maassluis en Harkemase Boys nimt it thús op tsjin FC Groningen. Omrop Fryslân is by alle wedstriden.
SC Cambuur giet nei Goes © www.orange-pictures.nl
De tsjinstanner fan Cambuur, GOES, spilet yn de tredde difyzje. Dy sit dus by Harkemase Boys en ONS Snits yn de kompetysje. GOES komt net allinnich fan Goes (yn Seelân), mar is ek in ôfkoarting foar Gezamenlijk Opwaarts Eendrachtig Sterk. De ploech pleatste him foar de KNVB-beker troch in de foarrondes te winnen fan Huizen (3-2) en Silvolde (3-2).
SC Hearrenfean spilet út tsjin Excelsior Maassluis © www.orange-pictures.nl
SC Hearrenfean treft in dei letter dus Excelsior Maassluis. Dy ploech spilet yn de twadde difyzje. Dêryn sitte gjin Fryske klups. Excelsior Maassluis stiet dit seizoen yn de middenmoat, mei trettjin punten út njoggen wedstriden. Sy hoegden gjin foarrondes te spyljen om har te pleatsen foar de KNVB-beker, omdat se ferline seizoen in perioadetitel pakten yn de twadde difyzje.
Harkemase Boys spilet op De Bosk tsjin FC Grins © www.orange-pictures.nl
Harkemase Boys moast wol twa kwalifikaasjerondes spylje. Yn augustus wûnen de Harkiten mei 4-2 op besite by VVSB en in moanne letter wie de ploech fan Hans de Jong ek te sterk op besite by Scheveningen (1-0). As 'beleanning' spylje de Harkiten woansdeitejûn thús tsjin FC Groningen. Dy ploech spile ôfrûne wykein noch de noardlike derby yn de earedifyzje: 1-1 tsjin SC Hearrenfean. En wat derby oanbelanget: Grins en De Harkema lizze hielendal ticht byinoar: goed fjirtich kilometer riden foar de Grinzers.

Wat docht de Omrop?

Omrop Fryslân docht fan alle trije wedstriden live ferslach op de radio. Op tiisdei en woansdei is der in ekstra sportprogramma fan 20.00 oere oant 21.45 oere. As der ferlinging komt by ien fan de wedstriden, dan duorret it sportprogramma langer. En omdat de wedstriden al om 19.45 oere begjinne, is der ek yn Casa Ennema al omtinken foar de wedstriden.

Wa sit wêr?

Geert van Tuinen makket de reis nei Seelân om ferslach te dwaan fan GOES - SC Cambuur, Arjen de Boer sit yn Maassluis foar de wedstriid fan SC Hearrenfean tsjin Excelsior en Roelof de Vries docht op sportpark De Bosk ferslach fan Harkemase Boys - FC Groningen.
Nei ôfrin fan de wedstriden komme de reaksjes fan trainers of spilers op omropfryslan.nl en yn de Omrop-app.