Gemeente makket stiennen op Nijstêd dizze wike stroever

29 okt 2019 - 13:30

De gemeente Ljouwert lit dizze wike de Sineeske stientsjes op de Nijstêd yngeand reinigje, wêrtroch't se stikken stroever wurde. In moanne lyn wie der diskusje oer de stiennen: dy soene fierstente glêd wêze.

Oanlieding fan it stroever meitsjen binne ek meldingen fan minsken dy't ein septimber troch de glêdens ûnderút giene.

Te gau wer glêd wurden

De stiennen binne yn 2017 ek alris behannele. Dat moast derfoar soargje dat se stroever waarden en dat soe dan trije jier sa bliuwe moatte. Nei ûndersyk is de gemeente derefter kaam dat de stiennen dus al earder glêd wurden binne.

De Nijstêd - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Dat it effekt fan de behanneling yn 2017 net trije jier trochset is, hat te krijen mei fersmoarging, seit de gemeente. De leveransier fan dy behanneling komt no mei in nij foarstel. Dêrtroch wurde de groeven en poarjen wer iepener, wêrtroch't de stiennen wer stroever wurde.

Nijestêd bliuwt iepen

It reinigjen fan de stiennen sil dizze wike plakfine yn de jûnen en nachten fan woansdei op tongersdei, en fan tongersdei op freed. De Nijstêd bliuwt dy nachten wol iepen. De kommende moannen bliuwt de gemeente de stroefheid kontrolearjen.

(advertinsje)
(advertinsje)