"Provinsje moat oan de slach mei fernijing fan it fak Frysk"

De provinsje Fryslân moat sa gau mooglik oan de slach mei de fernijing fan it fak Frysk yn it basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis. De steatefraksje fan de FNP sil woansdei yn Provinsjale Steaten oan deputearre Sietske Poepjes freegje om mei it Frysk sa gau mooglik oan te sluten by de fernijing fan alle oare skoalfakken.
© ANP
Wylst it nije kurrikulum fan alle oare fakken al op 10 oktober oanbean is oan minister Slob, is de ûntwikkeling fan in nij kurrikulum foar it Frysk op 1 april dit jier stilset troch de provinsje.

"Frysk fuortendaliks meinimme"

Op website kurrikulum.frl stiet sûnt dy tiid de wat kryptyske meidieling dat 'de fuortsetting fan it projekt toetst wurdt oan Europeeske en nasjonale wet- en regeljouwing'. Corlienke de Jong fan de FNP begrypt net folle fan dat argumint. "Wêrom soe dit foar it Frysk in probleem wêze, as it foar alle oare skoalfakken al klear is." De Jong fynt dat it Frysk fuortendaliks meinommen wurde moat yn de grutte ûnderwiisfernijing dy't oer twa jier trochfierd wurdt. "Dy tiid dy is der noch wol, mar dan moatte we wol fuortendaliks los."
It doel fan de ûnderwiisfernijing curriculum.nl is om de trochstreaming yn it ûnderwiis en de gearhing tusken de ferskate skoalfakken te befoarderjen. It moat it ûnderwiisprogramma eigentiidsker en minder 'oerladen fol' meitsje, sa is it idee. It liket de FNP in tige ûnwinsklike situaasje as de fernijing fan it Frysk pas nei de fernijing fan alle oare fakken komt.

Startnotysje

In spesjaal Untwikkelteam Frysk hat yn de maitiid fan 2018 in startnotysje publisearre foar in nij kurrikulum foar it Frysk mei in stikmannich fragen, mar it nije kurrikulum sels leit der noch hieltyd net.
Besjoch hjir de startnotysje fan it Untwikkelteam Frysk
Underdiel fan de wurkwize fan curriculum.nu is wiidweidige ynspraak fan it ûnderwiisfjild. Wat De Jong oanbelanget soe dy der ek komme kinne foar it nije kurrikulum foar it fak Frysk. Meigean mei de kommende ûnderwiisfernijing biedt it Frysk kânsen neffens FNP-fraksjefoarsitter De Jong. Pas letter mei plannen foar it fak Frysk komme set de taal yn har belibbing op 'e nij op efterstân.

Konferinsje

By de konferinsje 'Fierder mei Frysk' fan it Fryske ûnderwiisfjild wurdt yn novimber ek wiidweidich praat oer de eftergrûnen en de konsekwinsjes fan de kommende ûnderwiisfernijing. Ek yn it ûnderwiisfjild bestiet soarch oer it stilsetten fan kurrikulum.frl troch de Provinsje Fryslân.
FNP-fraksjefoarsitter Corlienke de Jong