Dochs jild om Kanadeeske feteranen by fiering 75 jier frijheid Fryslân te krijen

29 okt 2019 - 12:50

Der wurdt dochs jild beskikber steld om fjouwer Kanadeeske feteranen, dy't Fryslân 75 jier lyn befrijd hawwe, takom jier by de betinking hjirhinne te heljen. De Stichting Canadian Liberators, in susterstichting fan it Befrijdingsfestival Fryslân, hie in fersyk fan 40.000 euro oan subsydzje yntsjinne, mar dat waard earder ôfwiisd. Nei fragen fan PvdA Fryslân deroer, is no besletten om dochs mei jild oer de brêge te kommen.

Fan de 40.000 euro sil 15.000 euro troch de gemeente Ljouwert beskikber steld wurde, de provinsje lûkt 25.000 euro út.

Feteraan Don White yn Ljouwert yn 2018 - Foto: Lucas Kemper

Marijke Roskam fan PvdA Fryslân is bliid mei it beslút en skriuwt op Twitter: "Hartstikke mooi en nodig om de verhalen te blijven vertellen."

De partij fan Marijke Roskam (PvdA) hie fragen steld oer de wegering jild beskikber te stellen foar de feteranen

(advertinsje)
(advertinsje)