100 jier radio: distribúsjeradio en Radio Oranje

29 okt 2019 - 11:42

In eigen radio wie yn de jierren foar de Twadde Wrâldoarloch foar in soad minsken te djoer. In goedkeapere oplossing wie distribúsjeradio, letter ek wol triedradio neamd. John Beenen op De Gordyk fersoarge dizze foarm fan radio fan 1932 ôf op De Gordyk en omkriten.

Lukse lûdsprekker distribúsjeradio - Foto: Omrop Fryslân

Op de distribúsjeradio waarden programma's trochjûn oer in kabel. Minsken dy't hjirop oansletten wiene, hiene in lûdsprekker yn 'e hûs te stean. It wie goedkeaper as sels in radiotastel keapje. Faaks wie de kwaliteit fan de ûntfangst ek noch in stik better.

John Beenen fersoarge de distribúsjeradio yn Langsweagen, De Tynje, Gersleat en Lippenhuzen. "By ús kaam in stjoerder te stean en der moast in netwurk komme; betriedding fan hûs nei hûs."

Skeakelkastke

Hy hat de offisjele papieren noch yn in map te sitten. Abonnees krigen in skeakelkastke oan 'e muorre mei in lûdsprekker. Der koe meastentiids skeakele wurde tusken twa lanlike stjoerders en nei de útstjoeringen dy't John Beenen sels fersoarge. Yn it hok efter hûs draaide er plaatsjes.

"Us heit hold dan bygelyks op sneintemiddei in 'grammafoanplatemiddei'. Dan draaide er allegearre plaatsjes fan ferskillende artysten. Ja, dan wie er om it samar te sizzen in dj."

Mjitsinderskema Radio Oranje - Foto: Omrop Fryslân

Yn de oarlochsjierren stie de ûntwikkeling fan radio stil. Alle radio's moasten ynlevere wurde by de Dútsers. Op de radiodistribúsje koe allinne nei programma's harke wurde dy't goedkard wiene troch de Dútsers. Partikuliere distribúsjenetwurken, lykas dy fan John Beenen, mochten net mear. Fan doe ôf waard distribúsjeradio ûnderbrocht by steatsbedriuw PTT.

Stikem harkje

Net elkenien hie syn radio ynlevere en sa waard der stikem nei Radio Oranje harke. Johan Beenen hat yn de papieren fan syn heit en pake noch in skema fûn, in mjitstjoerderskema fan Radio Oranje.

100 jier radio - diel 2

Woansdei yn diel 3 oer 100 jier radio: de jierren '50.

Op woansdei 6 novimber is it 100 jier lyn dat Hanso Idzerda it alderearste radioprogram foar algemien publyk makke yn in studio yn Den Haach, in wrâldprimeur. Idzerda waard yn 1885 berne yn Weidum en stoar yn 1944 yn Den Haach. Omrop Fryslân hat dizze wike yn ferskate programma's omtinken foar 100 jier radio mei op snein 3 novimber in spesjale útstjoering fan Buro de Vries, streekrjocht út it doarpshûs fan Weidum wei.

(advertinsje)
(advertinsje)