Tsien finalisten fan sjongfestival Liet 2019 bekend

29 okt 2019 - 10:35

De tsien finalisten fan it Frysk sjongfestival Liet 2019 binne bekend. Acht finalisten binne útsocht troch in seleksjesjuery en twa nominearren waarden online keazen troch it Fryske publyk. De finale fan Liet is op 15 novimber yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.

Stonecrobs wûn Liet yn 2018 - Foto: Albert Jensma, Omrop Fryslân

By de onlinestimming binne troch it publyk yn totaal mear as 1800 stimmen útbrocht. Foarsitter Gerard van der Veer fan Liet is dêr wiis mei. "Ferline jier waarden der 1200 stimmen útbrocht. No sa'n 600 mear, in stiging fan 50 persint."

Liet International

De winner fan Liet 2019 sil yn 2020 Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International. Dit Europeeske festival foar lieten yn minderheidstalen fynt yn april plak yn Aabenraa, Denemarken.

De tsien finalisten fan Liet 2019 binne: BOOTS & The Jackals - Fjirder as hjir; Dirk muzyk - Spirit of Rap movement - Gearwurking; Fisk & The Stereo Machine - Magneet; Folkert-Hans - De taal fan muzyk; J.A.N. - Heger; Minke & Lucia - Nachts; Mused - BUS 51; Sequens - Do bist frij; Tigers fan Greonterp - Ik fret dy op; VOLK!! - Rinskje.

Trefwurden: 
sjongfestival Liet finalisten
(advertinsje)
(advertinsje)