Terherne op 'e skeppe: "It wie oan in opknapbeurt ta"

29 okt 2019 - 09:01

Terherne sjocht der dizze winter net itselde út. It doarp wurdt folslein ferboud om wer mei de tiid mei te kinnen. "It is oerdeis efkes behelpe foar de ynwenners", seit projektlieder Ike Dekker. "Mar it wie hjir wol flink oan in opknapbeurt ta."

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"Moandei binne we echt begûn mei de wurksumheden", begjint Ike Dekker syn ferhaal. "Wy hawwe earst foarsichtich hjir en dêr de ferhurding opbrutsen foar it rioelearringswurk. Dat is wichtich om in goed begjin te hawwen."

De Buorren, de belangrykste dyk yn Terherne, wurdt flink oanpakt. No hat it ferkear lykwols noch net folle problemen troch de oanpak, mar dat is nei tiisdei oars. "Dan sil it echt op slot gean, want dan giet de hiele dyk derút. Dan moat al it ferkear oer It Hearrenfean en De Jouwer."

Om it seizoen hinne

De wurksumheden yn Terherne binne net hiel tafallich yn 'e winter. "Hjir yn de simmer wat dwaan is hast gjin wurk", seit Dekker. "It stiet dan fol mei toeristen en dy moatte gjin lêst hawwe fan it wurk. Njonken dat hat de lokale hoareka der dan fansels ek lêst fan en dat wolle wy net."

Der is yn totaal in healjier útlutsen om it wurk yn Terherne dien te meitsjen.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn Terherne

Doarpsbelang oer de ferbouwing

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Trefwurden: 
wurksumheden dyk Terherne
(advertinsje)
(advertinsje)