Harkemase Boys ferwachtet 4.000 taskôgers by bekerwedstriid tsjin FC Groningen

29 okt 2019 - 08:17

Harkemase Boys spilet woansdei foar de beker tsjin earedifyzjonist FC Groningen en it wurdt drok op sportpark De Bosk. De ferwachting is alteast dat der sa'n 4.000 minsken op de wedstriid ôfkomme sille. Mei in tagongspriis fan tsien euro wol Harkemase Boys de drompel foar de fuotballeafhawwers leech hâlde.

Spilers fan Harkemase Boys by de wedstriid tsjin Dovo - Foto: Orange Pictures

De maksimale kapasiteit fan sportpark De Bosk is 5.500 taskôgers. It rekôr-oantal taskôgers stiet lykwols op 6.300 minsken. Dy kamen yn 2009 ôf op de bekerwedstriid tsjin Feyenoord. By de wedstriid binne sa'n hûndert frijwilligers belutsen.

Harkemase Boys spile sneon de kompetysjewedstriid tsjin DOVO. It waard in bysûndere generale repetysje. Harkemase Boys stie nei goed 20 minuten al foar mei 3-0, mar de wedstriid einige úteinlik yn in krappe 4-3 oerwinning.

"Folhâlde"

Trainer Hans de Jong hâldt him foar de wedstriid tsjin FC Groningen fêst oan de earste 25 minuten fan sneon. "Doe kloppe it aardich. En dat moatte je folhâlde. Mar dit is in wedstriid op himsels. Ik ferwachtsje dat wy der fol foar gean en dan hoopje ik dat wy it folhâlde kinne."

Trainer Hans de Jong

Ek foar de trainer is de bekerwedstriid tsjin Grins bysûnder. "Ja, dit is geweldich. Sokke wedstriden makkest net sa faak mei. En no moatte wy soargje dat wy de kop derby hâlde. Wat myn plan is? It giet my wat te fier om dat no út te lizzen. Mar in kâns hawwe wy altyd. Ik ferwachtsje der wol wat fan."

Fysioterapeut fan de tsjinstanner

Foar Harkemase Boys-spiler Jesse Renken is de wedstriid tsjin Grins in bysûndere. Renken wurket as fysioterapeut by de tsjinstanner fan woansdei. "Het is überhaupt een unieke wedstrijd als je tegen een profclub mag aantreden. Maar deze is heel bijzonder nu het om mijn werkgever gaat."

Renken ûnderfynt dat de lêste dagen ek. "Ik loop wel eens ergens binnen en dan is het: 'Sst.., stil, Jesse is er.' Dat is gewoon leuk." Renken hat nocht oan de wedstriid. "Ik denk dat je er hoe dan ook van moet genieten, maar als je er aan begint met het idee dat je er niets te zoeken hebt, dan kun je beter niet gaan voetballen. Er zijn wel meer stunts geweest in het bekertoernooi. Laten wij daar ook eens aan mee doen. Als dat gebeurt, dan ga ik de volgende dag extra vroeg naar mijn werk."

Jesse Renken

(Advertinsje)
(Advertinsje)